Oanmelde
Elkenien is wolkom op it fiifde Sieperda-sympoasium yn Ljouwert op freed 8 april 2022! It tema ‘Fan nijsblêd oant podcast’ biedt in nijsgjirrich deiprogramma oer nijskultuer yn Fryslân.
De fiertalen binne Frysk en Nederlânsk.
Registraasje en kosten
Yntreepriis
Standert yntree: €25,-.
By de priis yn sit de hiele dei kofje en tee, in lunch en in buorrel mei hapkes nei ôfrin.
Registraasje:
Opjefte foar dit sympoasium kin oant en mei 3 april 2022 op info@friesgenootschap.nl mei it beteljen fan € 25,- op bankrekken
NL 33 ABNA0450289001 op namme fan Koninklijk Fries Genootschap yn Ljouwert