Programma

Sieperda Symposium

Programma 2019

Hjirûnder fine jo it foarriedige programma fan it fjirde Sieperda Sympoasium, dat op sneon 12 oktober 2019 plakfynt yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert (Grienewei 1 te Ljouwert).

Undersikers út Nederlân, Dútslân en Yslân nimme jo mei op in tiidreis nei de sânde en achtste iuw nei Kristus, nei de perioade dat kening Redbad (ek: Radboud of Radbod) hast fjirtich jier lang hearsker wie fan de Friezen.

Ynformaasje út bekende en nije boarnen wurdt presintearre fanút ferskate ynfalshoeken, mar wol sa dat de fertellers de ferbining met de hjoeddeiske tiid, wêryn’t dizze ier-midsiuwske kening noch altyd ta de ferbylding sprekt, net út it each ferlieze.

Mar oer hokker gebiet hearske kening Redbad einliks? Wiene Redbad en de Friezen lefferts by de slach om Dorestêd? En hoe kin it dat in ferstokte heidenske kening in nasjonaal ikoan wurden is, oer wa’t yn de 21e iuw noch altyd films en toanielfoarstellings makke wurde?

Oan dizze dei wurkje ûndersikers mei dy’t ferbûn binne oan de Fryske Akademy, Universiteit Leiden, Rijksuniversiteit Groningen, Universiteit Utrecht, Universiteit Keulen, Vrije Universiteit Amsterdam, Háskóli Íslands en it Meertens Instituut.

Tinke jo derom dat der altyd wizigings yn it programma foarkomme kinne.

Laad hjir it programma in pdf-formaat del >>


Programma Sieperda Sympoasium 2019

09:30 – 10:00 oere: Ynrin
10:00 – 10.20 oere: Iepening – dr. Hotso Spanninga (Foarsitter Keninklik Frysk Genoatskip) en Willem Schoorstra (skriuwer)

I. Redbad en zijn tijd

10:20 – 10:40 oere: 
‘Over welk gebied heerste Redbad?’
Prof.dr. Gilles de Langen (Fryske Akademy / Rijksuniversiteit Groningen) en prof.dr. Hans Mol (Fryske Akademy/ Universiteit Leiden)

10:40 – 11:00 oere:
‘Een toelichting op ‘Redbad, koning in de marge van de geschiedenis
Dr. Erik Goosmann (Universiteit Utrecht)

11:00 – 11:30 uur: SKOFT

11:30 – 11:50 oere:  
‘Koning van de Friezen: wat we te weten kunnen komen over het koningschap van Redbad’
Prof. dr. Marco Mostert (Universiteit Utrecht)

11:50 – 12:10 oere:
‘Waarom waren Redbad en de Friezen zo laf? Een nieuwe visie op de slag bij Dorestad in de Frankische bronnen’
Dr. Patrick Breternitz (Universiteit Keulen)

12:10 – 12:30 oere:  
‘Religie in Frisia in de achtste eeuw’
Dr. Rob Meens ( Universiteit Utrecht)

12:30 – 13:00 oere:
Paneldiscussie: wie was Redbad?

13:00 – 14:00 oere:  LUNCH

II. De herinnering aan Redbad

14:00 – 14:30 oere:
‘Redbad, de legende van Cunera en het Gudrunlied’
Drs. Redbad Veenbaas (Vrije Universiteit)

14:30 – 15:00 oere:
‘De Friese kroon in de machtspolitiek van de Bourgondische hertogen’
Prof. dr. Hanno Brand (Fryske Akademy/ Rijksuniversiteit Groningen)

15:00 – 15:30 oere:  
‘Koning Radboud en Medemblik’
Drs. Mark Raat en Peter Swart

15:30-16:00  SKOFT

16:00 – 16:30 oere:
‘De heidense held: van schurk tot nationaal icoon’
Dr. Simon Halink (Háskóli Íslands)

16:30 – 17:00 oere:
‘Redbad: over het vuren van de pijl en het kruis als icoon. Een historische verbeelding van een hedendaagse boodschap’
Prof .dr. Theo Meder (Meertens Instituut/ Rijksuniversiteit Groningen)

17:00 – 18:00 oere:
Hapke en drankje
Lokaasje: Histoarysk Sintrum Ljouwert, Grienewei 1, Ljouwert


Laad hjir it programma in pdf-formaat del >>